Protestantse Kerk in Nederland
Protestantse Gemeente Oudega (Sm)
 
 

zondag 10 juli 2022 om 09.30 uur

St.-Agathatsjerke
Voorganger(s): Ds. Mw. L. Veerman-van Dijk
Ouderling(en): Jantje de Jong
Organist: Pieter de Beer

Diaken van Dienst: Joop Ybema
Koster: Anneke Stelwagen
Beamist: 

 


 
De tsien fammen

Muzyk foar de tsjint: Lieten fan it kwartettekoar  (CD)
 
Wurd fan wolkom

Yntreeliet: psalm 19: 1, 3
1.De himel sjongt in liet
En oer de loften giet
De melding fan Gods macht.
De dei jout oan de dei
Dat hearlik boadskip mei,
De nacht seit it de nacht.
Mar wurden binn’der net,
In sprake wurdt net heard,
Gjin lûd, foar ‘t ear te heinen;
Dochs nimt yn kleare taal
Dat wûndere ferhaal
Syn rin oant ierdryks einen.

3.Sa is de wet fan God
Foar ús in rike skat,
Dy jout ús hâld en kear;
Wa’t freget om de wei
Dielt hja de wiisheid mei,
De rjochte_en reine lear.
‘t Wurd fan de Hear is rjocht,
Wa’t syn geboaden docht
Sil him ferbliidzje kinne
En wa’t yn tsjusternis
De paden bjuster is,
Kin hjir it ljocht wer winne.

Moedjouwing en Groet
F: Us Helper is de Heare
A: dy’t himel en ierde makke hat,
F: dy’t de trou hâldt oant yn ivichheid
A: en net los lit wat syn hân begûn.
F: Genede en frede mei jim jûn wurde fan God, ús Heit, en fan Jezus Kristus, de Hear.
A: Amen

Gebet, ofwiksele mei liet: Myn hoeder is de Hear, myn God (Liet 23c: 1, 3, 5))

1.Myn hoeder is de Hear, myn God.
Ik folgje trou syn stim.
Hy weidet my yn greiden grien,
Neat bin ik brek by Him.

Wy bidde….

Al moet ik soms troch djipten gean
Fan tsjusternis en dea,
Ik freezje net, syn stôk en stêf
Behoedzje my foar kwea.

Wy bidde….

Jo geunst en goedens folgje my
Salang’t ik libje mei
En yn jo ivich hillich hûs
Mei ‘k wenje dei by dei.

Wy bidde….

Wurd fan genede

De Tsien Wurden (tekst: Fedde Schurer)

Nou harkje ik ta en lit my sizze
mei earbiedfol en freezjend hert
nou wol’k bitinke en from oerlizze
de wurden fan Gods hill’ge wet.

Ik bin dyn god, Ik bin de Heare
Ik rôp dy út Egypte wei
Jow dan gjin oare goaden eare
Mar doch se foar myn oantlit wei.

Dû silst gjin byldetsjinst bidriuwe
Oars sil myn straf dyn neiteam slaen
Mar har, dy’t by myn wetten bliuwe
Sil Ik myn geunst foar ivich jaen.

Dû silst Gods namme net bilûke
Yn sinleas praet of lef petear
Hwant dy’t syn namme idel brûke
Bin net ûnskuldich by de Hear.

De Sabbath silst mei allegearre
Bitinke en fiere ta Gods ear:
Seis dagen bin foar’t wurk ornearre
De sawnde dei is foar de Hear.

Jim heit en mem silst altyd earje
En God de Hear wol sûnder mis
dyn libbensdagen ryk formearje
yn’t erflân dat dy taret is.

Dû silst net deaslaen, net forniele
It libben dêr’t Gods byld yn stiet
Doch hate en wraeksucht út dyn siele
En leavje him dy’t neist dy giet.

Dû silst net skeine noch forbrekke
it houliksboun fan man en frou
de leafde, yn’t herte ienris wekke
bliuw har dyn libbensdagen trou.

Dû silst net stelle, ’t goud fan oaren
mei macht of list by dines dwaen
wie nea’t bidroch ek nei to spoaren
wol earlik ider sines jaen .

Ek mei dyn wurd silst net bidrage:
it ûnwierhaftich tsjûgenis
hat altyd troch de Hear mishage
omdat Hysels de wierheit is.

Bigear de dingen fan dyn neiste,
syn hûs, syn frou, syn skatten net:
wes bliid mei hwatst bisitte meiste
en driuw de oergunst út dyn hert.

Och , holden wy’t gebot yn eare!
Genede, o heechste majesteit,
wol us troch’t leauwe yn Kristus leare
om dat to dwaen út tankberheit.

Lústere en sjonge: Alles is sa machtig moai  (CD)

Refrein
Alles is sa machtig moai,
‘t giet boppe ús ferstân:
De ierde mei har himeltoai,
De skepping fan Gods hân.

Elke blomke dat har iepent,
Elk fûgeltsje dat fljocht,
Hij joech it djippe kleuren,
De lytse wjukken nocht.
refrein

De sniejacht bij de winter,
De simmers fol plezier,
De tún fol ripe fruchten,
De tiden fan it jier.
refrein

Hij joech ús iepen eagen
Om alles te besjen,
De lippen om te sizzen:
‘Gods wurk mei noait ferlern!’

Lêzing út ‘e bibel: Mattéus 25: 1-13

Sjonge: De Hear komt midden yn ‘e nacht (Liet 752)
De Hear komt midden yn ‘e nacht!
No is noch alles stil,
Mar sillich dy’t nei lange wacht
Syn komst begroetsje sil.

Al komt gjinien syn name_yn ‘t sin,
Leaut nimmen yn syn dei,
Gjin macht fan minsken hâldt Him tsjin:
Hy hat it sels fersein.

Waans lampe struit syn ljocht rûnom,
Was il te wachtsjen stean?
Was il, as Kristus aansen komt,
Him bliid temjitte gean?

De Hear komt midden yn ‘e nacht!
No is noch alles stil…
Mar sillich dy’t nei lange wacht
Him bliid begroetsje sil.

Preek

Sjonge: De tsjerke fan ús Heare (Lied 968)

De tsjerke fan ús Heare
hat yn Him fêste grûn,
is skepen ta syn eare,
de breid fan syn ferbûn.
Om har hat Hij ferlitten
it himelsk hillichdom.
Want God, sa mei’wy witte,
seach nei syn tsjinstfaam om.

Út alle taal en stamme
bringt Hy syn tsjerke gear,
ferbûn yn de_iene namme,
ien doop, ien wurd, ien Hear.
Sa jout oant ierdryks einen
de tsjerke_oan Jo de ear.
Jo namme_is hare ta seine,
Jo binn’har deistich brea.

Hoe ‘t ek de tiden woeden,
nea foel it lofliet stil.
God nimt ús yn syn hoede,
syn frede_is al op til!
It leauwe wurdt oanskôgjen,
Hy dy’t syn breid bemint,
sil ‘t allegear foltôgje,
de tsjerke, hja oerwint.

Tankgebed, Foarbeaen, stil gebed, ús Heit

Sjonge: Skielk, as de bazunen klinke (Liet 769)
1.Skielk, as de bazunen klinke
oeral út de ûneinichheid,
tûzenen jo eare skinke,
alle skepsel amen seit,
sil ús liet jo heil betinke
dan besljochtsje Jo it pleit

6.Leit dy dei ek yn it tsjuster,
‘t wurd fan God seit: haw gjin noed.
Lit ús, hoe it paad ek bjuster,
Him temjitte gean mei moed.
Jezus Kristus, hjoed en juster,
kom mei hasten, komt foargoed!

Seine

Ponge;
- 1e collecte: kerk
- 2e collecte; diaconie

terug
 
 
 

It Ljochtbeaken
datum en tijdstip 21-04-2024 om 09.30 uur
Deze dienst wordt verzorgd door It Kwartettekoar. Zij zingen nieuwe Friese kerkliederen  meestal geschreven door Eppie Dam. De leden komen uit heel Fryslân. Nienke Boschma zingt ook hierbij. 
 meer details

St.-Agathatsjerke
datum en tijdstip 21-04-2024 om 19.30 uur

Hus fan Stilte
 meer details

Wandeltocht "Help mij Leven"
datum en tijdstip 21-04-2024 om vanaf 11:00 uur
meer details

 
Kerkdienst Gemist
meer
 
Koffieschenkrooster 2024
 
ANBI
    
   Protestantse Gemeente Oudega

 
  Stichting Sint-Agathatsjerke
 
Diversen
 
 
Protestantsekerk.net is een samenwerking tussen de dienstenorganisatie van de Protestantse Kerk in Nederland en Human Content Mediaproducties B.V.