Protestantse Kerk in Nederland
Protestantse Gemeente Oudega (Sm)
 
 

zondag 1 oktober 2023 om 10.00 uur

It Ljochtbeaken
Voorganger(s): Ds. A.H. Boschma, Leeuwarden
Ouderling(en): Eeuwe / Karin van der Velde
Organist: Alex Brouwer

Diaken van Dienst: Jannie de Vries
Koster: Auke de Boer
Beamist: 

 



Tema: Kies foar it libben!

Liet foar de tsjinst: Lied 216
1 Dit is in moarntiid as oait de earste.
’t Liet fan ’e klyster makket God grut.
Tank foar it sjongen, tank foar de moarntiid,
beide ûntspringe nij oan it wurd.

2 Dauwe_oer de ierde, sinne fan boppen,
hearlike hôftún, rook fan alear.
Tank foar de beammen, blommen en fruchten,
al wa’t hjir omrint, moetet de Hear.

3 Dei fan myn libben, ljocht foar myn eagen,
ljocht dat al fonkele dêr’t Eden lei.   
Priizgje_yn ’e moarntiid God foar syn skepping,
priizgje bliermoedich syn nije dei.

Wurd fan wolkom en meidielings.

Yntochtsliet: Psalm 119: 27 en 44

27 Jo wurd is my in lampe foar de foet,
en op myn paad in ljocht yn alle lijen.
Wat Jo beskikke, Hear, is inkeld goed,
dêrom ha ’k sward de wei fan ’t kwea te mijen.
Jou my dan altyd, Hear, wer nije moed
om Jo it offer fan myn liet te wijen!

44 Wês dan myn help, o hoeder, bliuw my nei,
lit yn myn libben noait de lofsang stjerre.
En doarmje_ik soms fier by de keppel wei –
bring my werom, dan sil ik net ferdjerre.
’k Haw oan jo wet myn wille nacht en dei:
mocht ik jo stim by elke fuotstap hearre!

Stil gebed, bemoediging en groetenis

Gebed om ûntferming

Oan it begjin fan dizze tsjinst harkje wy nei in songen Joadsk gebed: Avinoe Malkenoe
Dit wurdt songen
Us Heit, ús Kening, wês ús genedich, ferhear ús. Wy  ha gjin dieden wer’t wy ús op foarstean kinnen, mar lit jo rjocht oer ús sprekke. Dat rjocht kinne wy yn de myldens fan Jo trou. Ja, Jo wolle ús helpe.

Gloarialiet: Liet 34a (Evangelische Liedbundel/yn kanon)




Oersetting:
Kom en sjoch hoe goed
En leaflik it is
dat bruorren (minsken) ien binne. 

Gebed by de iepening van de Bibel
By dit gebed sjonge wy nei de wurden “sa bidde wy” liet 334


Lêze: Deuteronomium 30: 11-20
Dit gebod ommers, dat ik dy hjoed gebied, is dy net te mânsk en it stiet net te fier fan dy ôf. It is net yn ’e himel, datsto sizze moatst: Wa sil foar ús nei de himel farre, it foar ús ophelje en it ús hearre litte, dat wy dat neikomme kinne? It leit ek net oan ’e oare kant de see, datsto sizze moatst: Wa sil foar ús oerstekke nei de oare kant fan ’e see, it foar ús ophelje en it ús hearre litte, dat wy dat neikomme kinne? Nee, it wurd is deun by dy, yn dyn mûle en yn dyn herte, dat do kinst it neikomme. Sjoch, hjoed haw ik dy foarhâlden it libben en de foarspoed, mar likegoed de dea en de tsjinspoed. Wat ik dy no gebied is: De Heare dyn God leaf te hawwen, yn syn wegen te gean en syn geboaden, foarskriften en rjochtsregels te ûnderhâlden. Dan silsto libje en oanwinne, en de Heare dyn God sil dy segenje yn it lân dêrsto hinnegiest om it yn besit te nimmen. As dyn herte him lykwols ôfkeare soe, do soest net harkje en dy ferliede litte om dy foar oare goaden te bûgen en dy te tsjinjen, dan kundigje ik dy hjoed al oan, datsto wis omkomme silst. Dan silst it net lang meitsje op ’e grûn dêrst no hinne giest, de Jordaan oer, om it yn besit te nimmen. Ik rop hjoed de himel en de ierde ta getugen tsjin jimme oan, dat ik sawol it libben as de dea, de segen en de flok jimme foarhâlden haw. Kies dan it libben, datsto en dyn neigeslacht yn libben bliuwe meie, mei de Heare dyn God leaf te hawwen, nei syn wurd te harkjen, en Him oan te hingjen. Want dat betsjut foar dy libben en in lang wenjen op ’e grûn dêr’t de Heare dyn foarfaars, Abraham, Izaäk en Jakob fan sward hat, dat Er it harren jaan soe.

Liet 316
1 Gods libbenswurd is net te dreech,
’t is net te djip, ’t is net te heech
foar minsken traach om ’t oan te nimmen.
It is in teken yn jim hân,
in ljocht dat yn jim eagen brânt.
Jim hearre dei oan dei syn stimme.

2 It is net oan ’e oare kant,
net fier hjirwei, wat sizz’ jim dan:
Wa sil foar ús de see befarre,
wa giet foar ús oer de_oseaan
en sil ús dan de wiisheid jaan,
it antwurd op al wat ús barde?

3 Heech yn ’e himel is it net.
Hiene jim dêr jim hoop op set?
Neat kin de stilte dêr ferbrekke.
De stjerren jouwe gjin beskied.
Allinne as Gods Geast ús liedt
sil ’t hillich wurd ús hert tasprekke.

4 Mei ’t wurd fan leafde, frede_en rjocht
hat God jim eigen hert betocht,
dat wurd lei Hy jim op ’e lippen.
Deunby jim klinkt de stim fan God:
frijspraak, fertreasting en gebod,
flak foar jim leit de wei nei ’t libben.

Oertinking

Liet 23c: 1, 2, 3, 5
1 Myn hoeder is de Hear, myn God.
Ik folgje trou syn stim.
Hy weidet my yn greiden grien,
neat bin ik brek by Him.

2 Hy jout myn siel wer nije krêft,
wiist my it rjochte spoar.
Omwille fan syn namme_en ear
giet Hy, myn hoeder, foar.

3 Al moat ik soms troch djipten gean
fan tsjusternis en dea,
ik freezje net, syn stôk en stêf
behoedzje my foar kwea.

5 Jo geunst en goedens folgje my
salang’t ik libje mei
en yn jo ivich hillich hûs
mei ’k wenje dei by dei.

Tankgebed, stil gebed en wy sjonge: God fan fier en hein ús heit.

Us Heit: Songen: ‘God fan fier en hein ús Heit’ [Eppie Dam, Tuskentiden 229]

1 God fan fier en hein ús Heit,
dat wij hilligje jo namme,
ûnder ús sa faak ûntwijd,
troch jo eigen bern beskamme.

2 Bûch de folken nei jo wet,
lit jo ryk op ierde komme.
Byn jo wil ús op it hert
en wij sykhelje ferromme.

3 Jou  ús hjoed ús deistich brea
en ferjou wat wij misdiene,
sa’t ek wij ferjûn ha, Hear,
al dy’t skuldich foar ús stiene.

4 Lit oer ús gjin neare nacht,
lied ús net yn blyn begearen.
Binne wij yn duvels macht,
Hear, ferlos ús fan it kweade.

5 God fan fier en hein ús Heit,
wûnder heimnis is jo namme,
grut yn krêft en hearlikheid,
oant yn alle tiden. Amen.

Ynsamling fan de jeften
- 1e pong: Kerk en Israël
- 2e pong: Diaconie

Slotliet:   liet 868:  1, 2, 5
Loovje de Hear, jou dy machtige kening de eare!

1 Sjong Him fan herten ta. Lit ús no bliid musisearje.
Kom en doch mei,
spylje en sjong al den dei.
Loovje_al wat libbet de Heare!

2 Loovje de Hear, dy’t mei leafde dyn libben bestjoerde,
dy’t as in earn mei syn wjukken dy heinde en hoede.
Troch nacht en skaad
brocht Hy wer freugde_op dyn paad,
kearde_Er dyn libben te’n goede.

5 Loovje de Hear, wol no priizgje syn hearlike namme,
kristenen dy’t lykas Abram syn ropstim fernamen.
Hy is jim ljocht,
hat jim mei jeften betocht.
Alles wat libbet sjongt: Amen.

Segen
(songen Amen)










 

terug
 
 
 

Sint-Agathatsjerke
datum en tijdstip 20-10-2024 om 09.30 uur

 meer details

Sint-Agathatsjerke
datum en tijdstip 20-10-2024 om 19.30 uur
Hus fan Stilte
 meer details

It Ljochtbeaken
datum en tijdstip 27-10-2024 om 09.30 uur

m.m.v. Mannenkoor IMD

 meer details

 
Kerkdienst Gemist
meer
 
Koffieschenkrooster 2024
 
ANBI
    
   Protestantse Gemeente Oudega

 
  Stichting Sint-Agathatsjerke
 
 
Protestantsekerk.net is een samenwerking tussen de dienstenorganisatie van de Protestantse Kerk in Nederland en Human Content Mediaproducties B.V.