Protestantse Kerk in Nederland
Protestantse Gemeente Oudega (Sm)
 
 

zondag 19 november 2023 om 09.30 uur

St.-Agathatsjerke
Voorganger(s): Ds. D.S. de Vries
Ouderling(en): Fokje Riemersma

Diaken van Dienst: Jan Benedictus
Koster: Anneke Stelwagen
Beamist: Wieger Lindeboom

 



Eredienst "Gean mei, mei ús"

Liet foar de tsjinst: NLB 303

1: Sinne en moanne, wetter en wyn
en blommen en bern makke ús God.
Himel en ierde: alles fan Him.
Skepper, wy wolle Jo tankje.
Skepper, wy tankje Jo.
Skepper, wy priizgje Jo.
Skepper, jo namme is wûndere grut.

2: Jezus, Gods Soan, libbe en stoar
foar ús allegear libbet Er hjoed.
Ja, Hy is hjir, ja, Hy is hjir.
Jezus, wy wolle Jo tankje.
Jezus, wy tankje Jo.
Jezus, wy priizgje Jo.
Jezus, jo namme is wûndere grut.

3: Libben en waarm, sa is Gods Geast
en hillich en sterk, gloede fan fjoer,
treast ûnderweis, dei yn, dei út.
Treaster, wy wolle Jo tankje.
Treaster, wy tankje Jo.
Treaster, wy priizgje Jo.
Treaster, jo namme is wûndere grut.

Meidielings fan de tsjerkeried

Intochtsliet: NLB 283: 1, 2, 5

1: Yn ’e mannichte fan lûden,
yn it stoarmjen fan ’e tiid,
sykje wy it sêfte sûzjen
fan it wurd dat freugde biedt.

2: Rûnom wei, yn dit fermidden
ha wy nei ien boarne socht,
nije dreamen woll’ we_om bidde
en ús rjochtsje nei it ljocht.

5: Jo, dy’t ús by namme neame,
leafde jouwe dei oan dei:
sjongend sille wy Jo earje
en dit hiele hûs sjongt mei!

Momint van stilte

Votum en groet

Lyts gloria: NLB 195

Eare oan de Heit en de Soan
en de hillige Geast,
lykas yn it oanbegjin, no en jimmer
en fan ivichheid oant ivichheid. Amen.

Gebed van neierkommen

Liet: NLB 802: 1, 3, 4, 5

1: Oer de wrâld klinkt lûd in rop
en dy driuwt de minsken op:
‘Brek jim tinte_op, gean op wei
nei it lân dat Ik jim sei.’
God, bring ús, dy’t frjemden bleaunen
troch te harkjen nei jo stim,
mei  fan hûs en hiem ferdreaunen
nei it nij Jeruzalim.

3: Mannichien dy’t sels al gie
om’t er thús gjin frede hie.
Langstme set him oan ta gean,
lit ek him it wurd ferstean.

4: Oer de ierde klinkt in liet
tsjin de eangst en it fertriet.
Tsjin it ûnrjocht en de twang
rjochtsje pylgers harren sang.

5: Dy’t te wurch binne_om te gean
bliuwe soms yn twivel stean,
sjogge om nei ’t âlde lân.
Reisgenoaten jou se_in hân.

Skriftlêzing: Numeri 10: 29–36

Liet: NLB 122: 1, 2

1: Wat wie ik bliid doe’t ik de rop
wer hearre mocht: ‘Wy steane klear
om nei de timpel fan de Hear.’
Heech sprong de wille yn my op.
Jeruzalem, o gouden dei,
as ik dyn poarten yngean mei,
om dy, o Godsstêd, wer te moetsjen!
Jeruzalem, my sa fertroud,
hoe deugdlik binn’ dyn wenten boud,
pracht fan in stêd dy’t wy begroetsje.

2: Sa gongen op Gods heech befel
de stammen iuwenlang ús foar,
sa folgje wy dat hillich spoar,
in foarskrift foar hiel Israel.
Jeruzalem, o gouden dei,
as ik dyn poarten yngean mei,
om mei al ’t folk ús God te earjen!
Sûnt Davids tiid stiet dêr de troan,
syn neigeslacht fan heit op soan
sil dêr nei ’t rjocht fan God regearje.

Schriftlezing: Efeziërs 3: 14–19

Liet: NLB 67: 1, 2

1: Mei God ús oansjen yn genede
en ús syn rike seine jaan.
Mei foar ús folk yn geunst en frede
syn antlit ljochtsje_oer al ús dwaan.
Jou dat elk op ierde / wit hoe’t Jo ús liede
en jo wegen ken,
dat de minsken sjogge / wat Jo rûnom dogge
foar jo eigen bern.

2: De folken sille,_o God, Jo priizje,
ja, alle folken fier en hein;
de naasjes sill’ Jo ear bewiizje,
jo lof besjonge_oant ierdryks ein.
Alles sil Jo earje, / om’t Jo wiis regearje,
rjochtsje_oer elkenien.
Hear, Jo wolle_op ierde / alle folken liede,
Jo en oars gjinien.

Preek

Liet: NLB 969

1: Yn Kristus is gjin west of east,
yn Him gjin noard of súd,
mar ’t is ien mienskip troch syn Geast
dy’t hiel de wrâld omslút.

2: Wa’t, wêr dan ek, Him ken as Hear,
oeral dy mienskip fynt,
sjocht yn syn tsjinstwurk hieltyd mear
de bân dy’t elk ferbynt.

3: Wês, leauwigen, dan leafdefol,
jou net om ras, mar wit
dat wa’t myn Heit trou tsjinje wol,
myn broer of suster hjit.

4: Lit jubelje no noard en súd,
Him priizgje west en east.
’t Is Kristus dy’t de wrâld omslút
mei syn genede_en treast.

Gebeden

Collecte

- 1e collecte: Kerk
- 2e collecte: Diaconie

Slotlied: NLB 418
1: God, skink ús de moed
ticht by Jo te bliuwen,
dan sil neat ús hjoed
útinoarren driuwe.
Jo sill’ dei oan dei
oer ús gongen weitsje,
skriemen en ek laitsjen
draacht jo seine mei.

2: Wa’t dat priuwe mei
siket nije wegen,
seine bringt ús nei
dy’t om frede freegje.
Jo geskink wurdt mear
as wy harkje kinne
en meidielsum binne,
fruchtber yn de Hear.

3: Frede, mei de died,
jouw’ Jo ús yn hannen,
dat wy dy as sied
drage troch de lannen,
siedzjend dei oan dei,
siedzjend yn it brede,
oant ús hert yn frede
by Jo rêste mei.

4: God, skink ús de moed
ticht by Jo te bliuwen,
dan sil neat ús hjoed
útinoarren driuwe.
Jo sill’ dei oan dei
oer ús gongen weitsje,
skriemen en ek laitsjen
draacht jo seine mei.

Heenzending en zegen





 

terug
 
 
 

Sint-Agathatsjerke
datum en tijdstip 20-10-2024 om 09.30 uur

 meer details

Sint-Agathatsjerke
datum en tijdstip 20-10-2024 om 19.30 uur
Hus fan Stilte
 meer details

It Ljochtbeaken
datum en tijdstip 27-10-2024 om 09.30 uur

m.m.v. Mannenkoor IMD

 meer details

 
Kerkdienst Gemist
meer
 
Koffieschenkrooster 2024
 
ANBI
    
   Protestantse Gemeente Oudega

 
  Stichting Sint-Agathatsjerke
 
 
Protestantsekerk.net is een samenwerking tussen de dienstenorganisatie van de Protestantse Kerk in Nederland en Human Content Mediaproducties B.V.