Protestantse Kerk in Nederland
Protestantse Gemeente Oudega (Sm)
 
 

zondag 21 september 2025 om 09.30 uur

Sint-Agathatsjerke
Voorganger(s): Ds. L. Westra, Lollum
Ouderling(en): Jannie Tjeerdsma
Organist: Riemke Dijkstra

Koster: Tineke Kooistra
Techniek: Mark Kielman

 



yntochtsliet: Psalm 1: 1 en 2

1 Loksillich, dy’t godleazen yn har ried
net neirint, noch op ’t paad fan sûnders stiet.
Dy’t nea him deljaan sil noch lang ferbliuwe
by har, dy’t spot mei God en godstsjinst driuwe,
mar dy’t by nacht en dei Gods hillge wet
oertinkt en docht mei djippe freugd’ yn ’t hert.

2 Want hy sil wêz’ allyk in geve beam
yn goede grûn bewoartle by in stream,
dy’t fruchten jout wannear syn tiden ’t sizze,
waans blêden nea ferwylg’ of ôfwaaid lizze;
hy groeit en tiert by rein en sinneljocht:
it giet him goed, ’t bedijt al wat er docht.

fotum en groet

gebed

lofliet: Liet 305


1 Alle eare, alle gloarje
jildt ús God, de Tri͜j’ynien!
Wol ek hjoed de frede fiere
dy’t Hy bringt yn ús bestean.
God fan ljocht, dy’t ús socht,
wês yn leafd’ ús tagedien!

2 Alle eare, alle gloarje
jildt de erfgenamt, de Soan!
Hy jout ús in nije namme,
syn genede bliuwt aloan.
Ljocht út ljocht, / dat ús socht,
stek ús mei jo strielen oan!

3 Alle eare, alle gloarje
jildt de Geast dy’t libben bringt,
dy’t de ienheid yn ús azemt,
flam, dy’t ús betrouwen skinkt!
Kom ús oer / leafdefjoer,
dat ús lofliet ivich klinkt!

gebed

1e lêzing: 1 Timotéus 2: 1-7

(út ’e nije oersetting fan ’e Stifting Fryske Bibeloersetting - foarriedige fer
zje)

1 Yn it foarste plak ried ik dy dêrom oan om te freegjen, te bidden, te smeekjen en te tankjen foar iderien, 2 foar keningen en alle gesachsdragers. Dan libje wy rêstich en sûnder opskuor te jaan, en jouwe en krije wy oer alle boegen respekt. 3 Sa heart it en is it sin fan God ús Rêder, 4 dy’t wol dat iderien rêden wurdt en yn ’e kunde komt mei de wierheid.

5 Want der is ien God
en ien middeler tusken God en minsken
de minske Kristus Jezus
6 dy’t himsels jûn hat as losjild foar allegearre,
it tsjûgenis op ’e troch God fêststelde tiid.

7 Dêrfan bin ik ferkundiger makke en apostel. Ik sprek de wierheid, ik liich net – in betrouber learaar fan ’e heidenen, ien dêr’t men op oan kin.

Liet 838: 1 en 3

1 O God, dy’t as in heit sa tear
oer ús, jo skepsels, binne,
jou dat wy Jo, ús Haad en Hear,
mear as ússels beminne.
En lit ús wêze yn ’e wrâld
in ljochtsjend ljocht, in sâltsjend sâlt.
Lit ús jo wurden sizze,
jo wierheid iepenlizze.

3 Lear ús de godlik-wize wet
fan leafde te bewarjen,
dat wy net yn in tizelnet
fan striid en skeel bedarje.
Lis op ús lippen ’t rjochte wurd
wêrtroch jo bûn beseeg’le wurdt.
Doch troch ús dwaan en litten
jo hearlik wurk te witten.

2e lêzing: Lukas 16: 10-17

Gesang 390: 3 (Lieteboek 1973)


3 Ik wit, Jo binne myn betrouwen.
Jo binne nacht en dei myn hâld.
Jo binn’ in berch om op te bouwen;
der is gjin oaren yn ’e wrâld.
Jo gean’ ek yn ’e dea net ûnder
Al sonk de sinn’ yn ’t westen wei,
’t is oeral ljocht en ivich wûnder,
dat ’k ivich fan Jo sjonge mei.

preek

Gesang 455 (Lieteboek 1973)


1 Mocht ik Him mar winne -.
As ik leafdefol,
yn in langst nei Him allinne,
noait syn trou ferjitte wol,
kin ik alles tille
en myn hert is deemoed, leafd’ en wille.

2 Mocht ik Him mar winne -.
Alles wat ik ha,
soe my net mear hâlde kinne
en in himel foel my ta,
hoe’t ek oaren kieze,
dy’t har libben oan ’e wrâld ferlieze.

3 Mocht ik Him mar winne -.
Yn myn Heitelân
sille molk’ en huning rinne
as in jefte fan syn hân.
Wa’t my hjir ferlitte,
komme dêr as bruorren my temjitte.

gebedens, ôfsletten mei it Us Heit

Us Heit yn ’e himel,
lit jo namme hillige wurde,
lit jo Keninkryk komme,
lit jo wil dien wurde op ierde likegoed as yn ’e himel.
  Jou ús hjoed ús deistich brea
en ferjou ús ús skulden sa’t ek wy ús skuldners ferjûn hawwe
en lit ús net yn fersiking komme mar ferlos ús fan ’e kweade.
  Want jowes is it Keninkryk
en de krêft en de hearlikheid
oant yn ivichheid.
Amen.

kollekte
- 1e collecte: Vredesweek
- 2e collecte: Diaconie


slotliet: Liet 723: 2

2 Jo wurd, troch d’ ieuwen mei ús gien
en hieltyd wer opnij ferstien,
sil elk ferset oerwinne.
Wy doarmje faak it doel foarby,
mar troch it leauwe meie wy
de tocht fannijs begjinne.
Jo joegen d’ âffaars romt’ en paad,
Jo ha har út it tsjinsthûs laat
nei ’t lân fan molk’ en huning;
herfoarmje, Hear, ek ús geslacht,
dat it troch dizze wrâldske nacht
de wei fynt nei jo wenning.

seine

 



 

terug
 
 
 

Dankdienst voor het leven van dhr. D. de Vries
datum en tijdstip 17-10-2025 om 13.30 uur

Locatie: It Ljochtbeaken
Condoleren vanaf  13.00 uur in De Bining


 meer details

Sint-Agathatsjerke
datum en tijdstip 19-10-2025 om 09.30 uur

 meer details

Sint-Agathatsjerke
datum en tijdstip 19-10-2025 om 19.30 uur
Hus fan Stilte


 meer details

Sint-Agathatsjerke
datum en tijdstip 26-10-2025 om 09.30 uur

 meer details

It Ljochtbeaken
datum en tijdstip 02-11-2025 om 10.00 uur

Vanaf 09.30 uur; Inloop met koffiedrinken, vóórafgaand aan de dienst

 meer details

 
ANBI
    
   Protestantse Gemeente Oudega

 
  Stichting Sint-Agathatsjerke
 
Kerkdienst Gemist
meer
 
Koffieschenkrooster 2025
 
 
Protestantsekerk.net is een samenwerking tussen de dienstenorganisatie van de Protestantse Kerk in Nederland en Human Content Mediaproducties B.V.