Protestantse Kerk in Nederland
Protestantse Gemeente Oudega (Sm)
 
 

Zondag 19 juli 2026 om 09.30 uur

Sint-Agathatsjerke
Voorganger(s): Mw. P. Boonstra

Thema: de man mei de ferskronfele hận

Wolkom

Yntreeliet: Psalm 150: 1 en 2 Loovje God yn’ t hillichdom

1 Loovje God yn ’t hillichdom!
Rop syn namme oeral om,
heger as it firmamint,
fierder as de sinne rint.
Al wat libben hat op ierde,
loovje Him yn syn hielal
foar syn wûnders sûnder tal.
Wol Him earje_en hulde biede!

2 Rammehoarn mei sterke stim,
harp en siter, loovje Him.
Lit de wrâld yn wille wei
sjonge_en dûnsje troch de dei
by de bekkens en de lieren.
Set by tromme_en tamboeryn
heech it halleluja yn
om in feest foar God te fieren!               (Gerben Brouwer)

Bemoediging en Groet

Liet: 213: 1,3 en 5   Dageread fan ivichheid
1 Dageread fan de_ivichheid,
ljocht oan ’t ivich ljocht ûntstutsen,
no’t de moarntiid iepenleit
mei jo hearlikheid oerdutsen,
driuw it tsjuster út ús wei
mei jo dei.

3 Wol dan mei jo leafdegloed
kâlde herten brâne litte,
sterkje ús mei nije moed,
dan gean wy jo dei temjitte
en stean wy, de nacht ûnttein,
rjocht oerein.

5 Strielje_oer ús, o leaflik ljocht,
kleare sinne, mei jo gloede.
Daagje ús net foar ’t gerjocht
mar ferbliidzje_ús mei jo goedens
as de ivige sillichheid
foar ús leit.

Kyrie Gebed

Liet 302: 1, 2 en 3 Allinne oan God de hege God…
.
1 Allinne_oan God, de hege God
komt ta de tank en eare;
yn ivichheid liedt Hy ús lot,
gjin tsjinslach kin ús deare.
God hat oan syn genede tocht
en ús nei striid de frede brocht,
dy sil gjin ein mear nimme.

2 Jo, ivige Heit, oanbidde wy,
Jo namme woll’ wy earje.
Unwrikber stiet jo hearskippij,
foargoed sill’ Jo regearje.
Jo hawwe ûnbemjitbere macht,
jo wil stiet fêst en wurdt folbrocht.
Dy Heare is ús kening.

3 Jo, Jezus Kristus, Heite Soan,
op ierde foar ús berne,
Jo bringe ús befrijing oan,
en rêde it ferlerne.
O Laam fan God, oan’t krúshout stoarn,
hear nei ús roppen oant de moarn,
wol jo oer ús erbarmje.

Gebed foar iepening fan ‘e Skrift

Lêze: Psalm 119: 9-16

Liet 1010: 1, 2 en 4 o Hear wol frede skinke

1 O Hear, wol frede skinke,
de wrâld is yn gefjocht.
Hoe moai de wurden klinke,
de sterkste nimt it rjocht.
It ûnrjocht slacht op ierde
rûnom foar master op,
ferlern giet elke wearde,
o Heare, hear ús rop.

2 O Hear, wol frede skinke,
wy wachtsje al sa lang.
Rêd ús want wy fersinke,
de minsken binne bang,
fertsjustere is de sinne,
ús leauwe net sa grut;
lit, Hear, ús net allinne,
o Jezus, sprek jo wurd.

4 O Hear, wol frede skinke,
bekear ús fûle hert.
Lit ús jo leafde_oertinke
en brek ús blyn ferset.
Lit mûle_en hân har foegje
nei jo gerjochtichheid
en fan jo frede tsjûgje:
dy frede wint it pleit.

Lêze: Lucas: 6: 6 – 11

Liet 904: 1 en 3 Betrou mar stil dyn wegen

1 Betrou mar stil dyn wegen,
betrou dyn stil fertriet
oan Him dy’t fan omhegen
oer ierde_en himel giet.
Dy’t wolken, loft en winen
yn goede banen stjoert
sil ek wol wegen fine
en paden foar dyn foet.
3 Lit Him dyn libben liede,
wol op syn wegen gean,
dan silsto troch syn dieden
aanst noch ferwûndere stean.
Hy komt en sil dy seingje,
datst dy ferbliidzje silst,
en alle wurk foleinigje
dêr’tst no noch swier oan tilst.

Oertinking
Momint fan Stilte
Meditatieve oargel musyk

Liet: 978: 1, 2 en 3 oan Jo beheart o Hear de ierde

1 Oan Jo beheart, o Hear, de ierde
mei al har deistich wol en wee,
de greiden, bosken en rivieren
it fêstelân, de wiffe see.
Ja, alles tsjûget dei en nacht
fan jo ûnmjitbere skeppingsmacht.

2 Jo hawwe_it jonge libben roppen,
mids blommen leit it lege grêf.
Jo sinne komt mei ljocht fan boppen
en jout it sied syn libbenskrêft.
En wat wy rispje fan it lân
wurdt brea dat we_ite út jo hân.
3 Yn blommetaal wurdt ús ferhelle
dat God it is dy’t klaaiïng jout.
De fûgels fluitsje en fertelle:
de skepper bliuwt syn skepping trou.
’t Is alles in gelikenis
fan boppe-ierdske heimenis.

We sprekke oanslutend de Foarbeden ut, binne stil en sjonge:  ‘God fan fier en hein ús Heit’
God fan fier en hein ús Heit,        Bûch de folken nei jo wet,
dat wy hilligje jo namme,              lit jo ryk op ierde komme.
ûnder ús sa faak ûntwijd,             Byn jo wil ús op it hert
troch jo eigen bern beskamme.    en wij sykhelje feromme.

Jou ús hjoed ús deistich brea       Lit oer ús gjin neare nacht,
en ferjou wat wij misdiene,            lied ús net yn blyn begearen.
sa’t ek wij ferjûn ha, Hear,             Binne wij yn duvels macht,
al dy’t skuldich foar ús stiene.       Hear, ferlos ús fan ‘e kweade.

God fan fier en hein ús Heit,
wûnder heimnis is jo namme,
grut yn krêft en hearlikheid,
oant yn alle tiden. Amen.  

Collecte

Slotliet 425 Wy gean mei Jo segen

Wy gean mei jo segen
bliermoedich ús wegen,
jo wurd fan omhegen
joech ús nije moed.
Hy dy’t ús behâld is,
it ljocht fan ’e wrâld is,
wol waarmje wat kâld is
mei syn leafdegloed.
Wat Kristus ús learde
is sied ta bekearing,
wy siedzje_it op ierde
en wachtsje_op wat komt.
En ûnder de hoede
fan Him dy’t ús stjoerde
sill’ leafde en goedens
aanst dije rûnom.

Seine


 

terug
 
 
 

It Ljochtbeaken
datum en tijdstip 30-08-2026 om 09.30 uur

Na de dienst is er koffiedrinken in De Bining
 meer details

TENTDIENST
datum en tijdstip 06-09-2026 om 14.00 uur

I.v.m. tentdienst is er geen opnamemeer details

Monumentendag
datum en tijdstip 12-09-2026 om 10.00 uur
meer details

It Ljochtbeaken
datum en tijdstip 13-09-2026 om 10.00 uur

Hart en Zieldienst
Inloop met koffiedrinken, vóórafgaand aan de dienst


 meer details

Sint-Agathatsjerke
datum en tijdstip 20-09-2026 om 09.30 uur
meer details

 
Kerk in Actie
 
QR Code Appostel
Appostel
 
APPOSTEL
 
Kerkdienst Gemist
meer
 
Koffieschenkrooster 2026
 
ANBI
    
   Protestantse Gemeente Oudega

 
  Stichting Sint-Agathatsjerke
 
 
Protestantsekerk.net is een samenwerking tussen de dienstenorganisatie van de Protestantse Kerk in Nederland en Human Content Mediaproducties B.V.